Fries

SOEST’ FIELE WAT IK FIEL, DAN PIIPEST WOL OARS (ALS JE VOELT WAT IK VOEL, DAN ZEG JE NIETS MEER)
28760

Blijspul yn trije bedriuwen fan Evelien Evers,

Fryske bewurking fan Roel Klijnstra, 6 froulju en 4 manlju.


It blijspul “Soest’ fiele wat ik fiel, dan piipest wol oars”, spilet him ôf yn de ytkeamer fan garaazjebedriuw De Vries. De famylje runt in garaazjebedriuw anneks benzinepomp. Mem Tine besiket der it bêste fan te meitsjen, mar dat falt net altyd ta. Skoanmem hat in appartemintsje mei tagong nei de wenning. Dêr makket se te pas en te ûnpas gebrûk fan. Se hat lêst fan groanyske oanstelleritis, dêr’t soan Sibe har geregeld mei te fiter hat. Heit Joast en syn trouwe, mar tige synyske wurknimmer Hein, liede foar in grut part de garaazje, mei “help” fan Sibe. Dora, (in fekke fan in frommis, dy’t yn skieding leit) wennet sa lang mei har dochter Lysbet, dy’t geastlik sawat trijekwart is, by harren yn. Dit soarget geregeld foar frijwat tûkelteammen. As der in nije monteur oannommen wurde moat, falt de kar op Jannet. Dan slagge by Hein de stoppen troch. Bart, de fertsjintwurdiger (dy’ t suver bern oan hûs is,) en Sibe, sjogge gjin swierrichheden. Krekt oarsom! Betty, in ferfelende klant, dy’t koartlyn op in steatslot in miljoen wûn hat, mient har dêrtroch gedrage te moatten mei oanstellerich praat en útwrydske klean. Se beweecht har yn de hegere klassen. Se komt dêrtroch al gau yn de problemen. Sa’n grut ferskaat fan minsken moat wol liede ta hilaryske tafrielen.

BRÚN KAFEE DÛBEL D                                          27141

Kluchtich blijspul yn trije bedriuwen fan Evelien Evers,

Fryske bewurking fan Roel Klijnstra,

5 dames, 5 heren

Wêrom Dûbel D? Nee, hear, it is net wat jo tinke. Dûbel D stiet foar: Durkje en Dieuwke. In pear fleurige susters, dy’t tegearre it bewâld hawwe oer in brún kafee. In kafee, dêr’t typyske karakters klant binne. Bygelyks Rein, dy’t mient dat hy altyd gelyk hat. Evert- Jan, in swankebast, dy’t wol gauris in slokje te folle op hat. Sytske, syn frou, in fekke, dy’t ek wol in slokje mei. Harm, in motorrider yn ieren en sinen, mar graach oerdriuwe mei. As jo fan alles wat hy seit de helte leauwe, is it noch spannend. De artistike Minke, dy’t altyd har hûntsje yn it petear belûkt. Bearn, dy’t mar in inkele komt, omdat hy sa op syn sinten sit. It slagget him ek hieltyd, om sûnder te beteljen wer fuort te gean.  Mar dêr kin de skoarstien net fan rikje. Wylst it der mei it kafee al faai foar stiet. Soe it de susters slagje om de holle boppe wetter hâlden?